Jankfoddekoar

Tûzen Triennen
Podium Terband
zo 17 nov 15:00
Terbantster Tsjerke
zo 17 nov
15:00
Kaarten

Deze voorstelling vindt plaats in de Terbandster Tsjerke; Pastorielaan 12, Terband

Tûzen Triennen yn it koart

Mei ús selsskreaune Fryske teksten, trochspekt mei in soad humor en selsspot, sjonge wy oer saken wêr’t wy froulju mei te krijen ha en dat is in lange list! Mei ús akts op en foar it poadium, bekinde melodyen en ynteraktive presintaasje witte wy de seal altyd te boeien en te reitsjen!

Begjin 2023 binne wy úteinset mei it gearstallen fan ús nije programma: Refurbished.
By dit Ingelske wurd kinst tinke oan: wer opnij brûke, opkallefaterje, sirkulair en opleuke. Foar dit optreden brûke wy âlde ferskes, mar dan krekt efkes oars as earst, en we ha tal fan nije ferskes skreaun oer dit tema. Op sneon 21 oktober hawwe wy mei ‘Refurbished’ in spetterjend optreden jûn yn doarpshûs Britsenburgh, mei de stipe fan ús tydlike dirigint Marjan van der Zwaag en fansels fan ús muzikanten Tseard Nauta en Joop Schulp.

Dêrnei hiene wy in mienskiplik optreden mei Rolling Home yn de Smalle Brug te Stiens. No ûnder de begelieding fan ús nije dirigint Jolanda Miedema.